Froulju prate oer befalling

Swangere froulju kinne ynkoarten sels oan gynaekologen fertelle hoe't se befalle wolle. Dat kin op in ynteraktive byienkomst yn sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean. De jûn wurdt organisearre troch de Nederlandse Vereniging voor Obstetrie en Gynaecologie, dy't 125 jier bestiet.
De feriening fynt dat swangere froulju oant no ta te min oan it wurd west ha yn de diskusje oer al of net thúsbefalle. De jûn wurdt hâlden op 1 novimber.
Froulju kinne yn it sikehûs sels meidwaan oan de diskusjejûn, maar dat kin ek fia ynternet, fia twitter of fia de sms.