Twa suvelfabriken op It Fean

12 okt 2012 - 11:49
  • Kij yn de greide
  • A-ware fabryk
  • kaartsje fabryk

Op it Ynternasjonale Bedriuwepark op It Hearrenfean komme twa grutte suvelfabriken. De A-ware Food Group bout in tsiisfabryk, dêr't jierliks tusken de 60.000 en 80.000 ton tsiis produsearre wurdt. It Nij-Seelânske Fonterra bout der in waaifabryk by dêr't it restôffal fan it tsiisfabryk ferwurke wurdt ta nije suvelprodukten. De bou begjint begjin takom jier, ein 2014 moatte de fabriken operasjoneel wêze. Njonken Hearrenfean wiene ek Veendam, Emmen en noch in oare gemeente yn it Noarden yn byld.

De suvelbedriuwen ha foar It Hearrenfean keazen fanwege de romte, de goeie berikberheid en de beskikberheid fan duorsume enerzjy. Boppedat leit It Hearrenfean midden yn in gebiet mei in soad melkfeebedriuwen. Der wurdt mikt op tûzen boeren om de molke te leverjen.

Der is wurk foar tusken de 150 en 200 minsken by beide fabriken. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean is bliid mei de komst fan de fabriken. Hy ferwachtet noch mear wurkgelegenheid, bygelyks foar skjinmakbedriuwen. Neffens deputearre Hans Konst is mei de komst fan de beide fabriken in ynvestearring fan in 120 miljoen euro binnen helle.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)