Dronken man misdraacht him

Geweld © Omrop Fryslân
In 24-jierrige ynwenner fan Ljouwert is tongersdei oanhâlden foar bedriging en fersteuring fan de iepenbiere oarder. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol, bedrige bewenners fan de Schieringerwei yn Ljouwert en sloech op de ruten. Doe't de plysje him oanhâlde soe, woe de man net meiwurkje en misledige er de plysje. De Ljouwerter is oerbrocht nei it plysjeburo.