Tredde fertochte brân Drachten

12 okt 2012 - 10:31

De plysje hat tongersdei in tredde fertochte oanhâlden foar de grutte brân yn in bedriuwsgebou oan de Suderdwersfeart yn Drachten yn septimber. It giet om in 17-jierrige ynwenner fan Drachten. Earder dy dei hie de plysje al in 14-jierrige jonge en in 15-jierrich famke oppakt. De plysje ferwachtet noch mear oanhâldings te dwaan.

De brân wie yn in leechsteand gebou dêr't earder in keukenbedriuw en in garaazje yn sieten. De brân soarge foar in soad oerlêst foar omwenners en ferkear.

Trefwurden: 
Drachten Suderdwersfeart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)