Faker grien ljocht fytsers

12 okt 2012 - 10:26
  • Fytspaad

De ferkearsljochten yn Ljouwert moatte krekt as dy yn Grins reinsensoaren krije. Dat wol Pal/GrienLinks yn de gemeenteried. Yn Grins is in proef dien mei de sensoaren. Fytsers krigen dêrtroch earder en faker grien ljocht. Dat hat sa goed foldien dat de sensoaren no op mear plakken ynstallearre wurde.

Pal/GrienLinks hat yn Ljouwert ek alris aksjefierd foar faker grien ljocht foar fytsers. De partij hopet dat it súkses fan de proef yn Grins derfoar soarget dat it yn Ljouwert ek oppakt wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)