Jild nei Mantgum en Winsum

12 okt 2012 - 10:20
  • Winsum

It doarpshûs fan Mantgum en Doarpsbelang Winsum krije elk trijehûndert eruo fan it Oranje Fûns. Se krije it saneamde Buertkado, omdat yn buerten yn dy doarpen de strjitpriis fan de Nationale Postcode Loterij fallen is. Sa profitearje alle minsken dêr fan de strjitpriis, is de gedachte achter it kadootsje.

Yn Mantgum wolle se fan it jild in terras oanlizze foar it doarpshûs. Yn Winsum wurde der boarterstastellen de bern foar kocht. It buertkado wurdt woansdei oan de minsken yn Mantgum en Winsum útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)