Diskusje stjoermêst op Skylge

11 okt 2012 - 20:34

De tsjinstanners fan in nije GSM-stjoermêst op Skylge moatte noch mar ris goed neitinke oer harren beswieren tsjin de bou fan de mêst. Dat fynt riedslid Marika Spanjer fan de PvdA op Skylge. Op dit stuit is de dekking fan it eilân hiel min en benammen it midden fan Skylge hat op guon plakken hielendal gjin ûntfangst. En dat smyt gefaarlike sitewaasjes op as ien bygelyks 112 nedich hat. En dus die Spanjer in oprop yn de gemeenteried om dat foaral net út it each te ferliezen.

Trefwurden: 
stjoermêst 112
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)