Sensors yn seedyk It Amelân

Sensors yn de ûndergrûn fan de seedyk yn de Ballumerbocht op It Amelân moatte dit stoarmseizoen de gefolgen sjen litte fan heech wetter op de dyk. Wetterskip Fryslân fiert in ûndersyk út. Ien fan de problemen is it ferskynsel piping. Hjirby sipelt it wetter by ekstreme omstannichheden troch de dyk en nimt it sân mei. Gefolch kin wêze dat de dyk net mear stabyl is. Yn 2007 hat al bliken dien dat de dyk fan It Amelân net mear foldocht oan de feiligensnoarmen.
Nei alle gedachten wurdt yn 2014 begongen mei it oanpakken fan de dyk. De wurksumheden duorje dan oant ein 2018.