Filmopnamen yn Boalsert

11 okt 2012 - 16:23

Yn Boalsert wiene tongersdei opnamen foar de film Leve Boerenliefde. Regisseur Steven de Jong lit him foar syn tsiende bioskoopfilm ynspirearje troch it leafdeslibben fan boeren. Dat tema is populêr, te sjen oan it súkses fan it televyzjeprogramma Boer Zoekt Vrouw. Foar de sêne yn Boalsert waarden hûnderten figuranten ynset.

Cas Jansen en Tatum Dagelet spylje de haadrollen. De film giet takom jier maaie yn premjêre. Der binne ek opnamen yn Jellum, Rotterdam en Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)