Oanhâldings foar brân Drachten

De plysje hat twa minderjierrige fertochten oanhâlden foar de grutte brân yn in bedriuwsgebou oan de Suderdwersfeart yn Drachten heal septimber. It giet om in 14-jierrige jonge en in 15-jierrich famke. De plysje ferwachtet noch mear fertochten oan te hâlden.
De brân wie yn in leechsteand gebou dêr't earder in keukenbedriuw en in garaazje yn sieten. De brân soarge foar in soad oerlêst foar omwenners en ferkear.