Ofskie fan Maeike Sijtsma

11 okt 2012 - 16:01

Yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert is tongersdei muzikaal ôfskied naam fan sjongeres Maeike Sijtsma. De 29-jierrige sjongeres ferstoar ferline wike ûnferwachts oan in harsenblieding. Famylje, freonen en de Fryske muzykwrâld wie manmachtich ôfkaam op it ôfskied.

Maeike Sijtsma wurke ûnder oare as achtergrûnsjongeres mei Fryske artysten lykas De Kast, Twarres en Iris Kroes. Sels makke se namme as ien fan de trije sjongeressen fan Three-Ality en as lead-sjongeres fan de band Souldada.

Nei de ôfskiedsgearkomste is Maeike Sijtsma yn besletten kring kremeard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)