3 jier mei tbs foar Sietske H.

11 okt 2012 - 14:03

It hôf hat Sietske H. yn heger berop feroardiele ta trije jier en tbs mei twangferpleging. Se is ferantwurdlik foar fjouwer kear bernedeaslach. It hôf achtet ek bewiisd dat Sietske H. in persoanlikheidssteurnis hat en dêrtroch minder tarekkeningsfetber is. De straf is leger as de eask. Der wie fjouwer jier selstraf mei tbs en twangferpleging easke.

Earder waard Sietske H. al ferdoardiele ta 12 jier selstraf. Dat wie basearre op ien kear deaslach en trije kear moard. Doe krige se gjin tbs oplein omdat se net meiwurkje woe.

Sietske H. hat ûnderwilens al in persoanlikheidsûndersyk dwaan litten. De frou hat tusken 2003 en 2009 har fjouwer poppen om it libben brocht. Se bewarre de lykjes yn koffers op souder.

Trefwurden: 
Sietske H.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)