Tritich Fryske tsjerken ticht

Der gean yn Fryslân de kommende tsien jier noch seker tritich tsjerken ticht. Dat ferwachtet it Deltateam Fryske Tsjerken. It team makke dat tongersdei bekend yn de tsjerke fan Gau der't se in rapport presentearren oer it opnij brûken fan tsjerken.
Yn Dongeradiel gean de measte tsjerken ticht, sa is de ferwachting. Dat soene tsien wêze. It deltateam sil ynset wurde om foar dy gebouwen in nije bestemming te finen.
Leechsteande tsjerkegebouwen hawwe in kânsryk twadde libben as blommewinkel, restaurant, atelier, doarpshûs of berneopfang. De measte tsjerken wurde no noch brûkt as wenromte. Dat stiet yn in rapport fan Peter Karstkarel. Dat waard tongersdei ek presintearre yn 'e tsjerke fan Gau.
Fan de achthûndert tsjerken hawwe 240 in nije bestimming krigen. It Deltateam dat doarpen helpt by it finen fan in oare funksje, giet noch oan 'e ein fan takom jier troch. Dat is nedich, want noch hieltyd moatte tsjerken de doarren slute.