Twangsom foar gastâlderburo

As it Gastouderbureau Friesland yn Drachten net yn fiif wike tiid de saken op oarder hat, kriget de ynstelling in twangsom. Dat hat de tafersjochhâlder gemeente Smellingerlân tongersdei offisjeel yn in brief witte litten.
Al langer binne der klachten oer it funksjonearjen fan it buro. Sa soenen gastâlden fierste let betelle krije. De GGD Fryslân hat op 'e nij ûndersyk dien nei oanlieding fan de klachten. De gemeente wol net sizze hoe heech oft de eventuele twangsom is.