Wer minder huzen ferkocht

11 okt 2012 - 10:39
  • Hûs te keap

De situaasje op de Fryske wenningmerk is it ôfrûne fearnsjier wer minder wurden. It tal ferkochte wenten is yn fergelyk mei it twadde fearsjier mei 17 persint sakke. Dat docht bliken út de nijste sifers fan makeldersorganisaasje NVM.

Der binne grutte regionale ferskillen. Súdwest-Fryslân docht it al langere tiid better as de rest fan Fryslân, mar huzen waarden dêr wol foar in legere priis ferkocht. De NVM ferwachtet dat der noch wol wat herstel komt yn it lêste fearnsjier.

Yn it ôfrûne fearnsjier wikselen yn Fryslân 642 huzen fan eigener.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)