Undersyk nei haadagint

© Omrop Fryslân
De Plysje Fryslân hat it buro Yntegriteit en Feiligens frege ûndersyk te dwaan nei in haadagint. Dy wie sneontejûn yn syn frije tiid belutsen by fjochterij op It Hearrenfean dêr't in 17-jierrige jonge by ferwûne rekke.
De jonge út de gemeente Skarsterlân en syn freonen wiene ûnder ynfloed fan alkohol ferfelend yn de wyk Skoatterwâld. De haadagint spruts de groep oan en der ûntstie rûzje. Yn de fjochterij foel de jonge en rekke ferwûne. Hy hat oant woansdei yn it sikehûs lein.