Toppenhústers hâlde dief oan

Ynbraak © Omrop Fryslân
Twa ynwenners fan Toppenhuzen hawwe woansdeitejûn in doarpsgenoat oanhâlden, dy't se mei in tillevyzje út in hûs weikommen seagen. De bewenners fan it hûs oan de Eastwei yn Toppenhuzen dêr't se út kamen, wiene net thús. Yn de fytstas fan 'e ynbrekker siet ek noch in stellen laptop út it hûs.
De plysje hat de 39-jierrige ynbrekker oernaam fan de beide Toppenhústers. Hy hie in rút fernield om deryn te kommen.