Ried freget plan foar Harmonie

11 okt 2012 - 00:28
  • Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert

De Ljouwerter polityk hat wethâlder Isabelle Diks fan kultuer frege om begjin 2013 mei in lange termynplan te kommen foar skouboarch De Harmonie. Diks lei de riedskommisje in dilemma foar; de Ljouwerter polityk soe De Harmonie of mear jild jaan moatte of oars de opdracht oan de skouboarch oanpasse moatte yn de foarm fan minder foarstellings en minder dagen iepen wêze.

De politike partijen hiene lykwols in soad fragen. Sy hawwe no de wethâlder frege om mei in folslein plan te kommen foar de langere termyn.

Neffens Harry van der Molen (CDA) is it net goed dat de Ljouwerter polityk in pear kear yn it jier oer de tekoarten fan De Harmonie fergaderje moat. De Harmonie ferwachtet oer 2012 op 'e nij in tekoart tusken de 127.000 euro en de 3 ton. De Ljouwerter ried wol dat bedrach wol bypasse, ek omdat it tekoart lytser is as de ôfrûne jierren, mar wol dat net struktureel dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)