Frysk kanon yn Sinteklazefilm

It karbidkanon fan Drylts
It karbidkanon fan it karbidteam fan Drylts is brûkt yn de nijste Sinteklazefilm Sint en Diego: de magische bron van Myra, mei ûnder oare Peter Faber. De leden fan it karbidteam waarden yn febrewaris benadere mei de fraach oft it kanon brûkt wurde koe foar de film. Mei it sjitark moast in Swarte Pyt fuortsketten wurde. De filmmakkers fûnen it te djoer om in echt kanon te hieren.
De Dryltsters hawwe yn maart nei kastiel Doornenburg yn Gelderlân west, mei harren grutste kanon fan 246 liter. De film is woansdei yn premjêre gien.