Wurknimmers sûn hâlde

10 okt 2012 - 20:11
  • Website Menno Sappé

As bedriuwen har personiel sa sûn mooglik hâlde, smyt dat miljarden euro's op. Bedriuwen dogge der dêrom goed oan om in spesjaal sûnensbelied te meitsjen. Dat seit direkteur William Pol fan Menno Sappé reinigingsspesjalisten fan De Jouwer. Mei 99 oare bedriuwen hat er in manifest opsteld dat oare bedriuwen oansette moat ek wurk te meitsjen fan de sûnens fan har personiel.

By Menno Sappé hat it personiel alle wiken de gelegenheid om nei de fysioterapeut te gean. Alle jierren kinne de wurknimmers har sûnens kontrolearje litte. It syktefersom by it bedriuw is dêrtroch bot weromrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)