Stjonkende flesse

10 okt 2012 - 18:18

De Poiesz-supermerk oan de Pieter Sipmawei yn Ljouwert hat woansdeitemiddei eefkes ûntromme west fanwege in frjemde lucht. Der waard tocht oan in gaslek. De brânwacht waard dêrom ynskeakele. Uteinlik die bliken dat der by it ynleverpunt foar lege flessen in flesse wie dy't bot stonk. Mar dat smiet fierder gjin gefaar op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)