Berneboekefeest yn Harmonie

Yn De Harmonie yn Ljouwert wie it woansdei feest foar bern. De foyer fan it teater stie fol mei aktiviteiten foar bern fan 4 oant 12 jier. Sa koene de bern iisko's meitsje, tegeltsjes beskilderje, gedichten meitsje en fansels boeken keapje. Berneboekeskriuwers Eppie Dam, Baukje Fennema en Lida Dijkstra liezen foar.
Ek koene bern fragen stellen oan Raynaud, de presintator fan Tsjek. Elk jier is der in berneboekewikefeest mei in tema. Dit jier is dat 'Hallo Wereld'.