Diskriminaasje melde mei app

Tûmba
Anty-diskriminaasjeburo Tûmba komt freed mei in app dêr't minsken meldingen fan diskriminaasje mei dwaan kinne. De melding komt dan fuort by Tûmba binnen. De applikaasje foar de mobile telefoan is yn gearwurking mei oare diskriminaasjemeldpunten ûntwikkele. De app is fergees te krijen yn de Apple- en Androidstore. Minister Leers nimt de app freed offisjeel yn gebrûk.