Help by sededelinkwinten socht

10 okt 2012 - 16:12

De reklassearring siket frijwilligers dy't sededelinkwinten begeliede kinne nei't se har straf útsitten ha. De frijwilligers moatte mei profesjonals tafersjoch hâlde op it gedrach fan de feroardielden. De reklassearring hat yn oare provinsjes al goede ûnderfining mei dizze wize fan wurkjen. Lanlik binne der al mear as hûndert frijwilligers. Der binne trije oant fiif frijwilligers nedich foar it begelieden fan ien sededelinkwint. It idee komt oarspronklik út Kanada.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)