Omrin is bêste wurkjouwer

10 okt 2012 - 15:41

Offalferwurkingsbedriuw Omrin is it bêste Fryske bedriuw yn de ferkiezing fan de bêste wurkjouwer fan 2012. Omrin einige op it 14e plak fan de pear hûndert bedriuwen dy't beoardield binne. Yn de top 50 fan bedriuwen mei minder as tûzen meiwurkers stiet noch in oar Frysk bedriuw: it wetterskip Fryslân, op it 46ste plak. Yn de list mei bedriuwen mei mear as 1.000 meiwurkers steane gjin echte Fryske bedriuwen, mar wol bedriuwen mei festigingen yn Fryslân, lykas Landal Greenparks en de winkelketens Action en Coop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)