Unike Rembrandts yn Ljouwert

10 okt 2012 - 15:15

Foar de betinking fan Saskia400 binne 50 wurken fan Rembrandt yn Fryslân te sjen. Se komme út ferskate musea en argiven. De measten binne orizjinele Rembrandts. Dit jier wurdt betocht dat Saskia Uylenburgh, de frou fan Rembrandt, 400 jier lyn yn Ljouwert berne is. Yn it HCL is de eksposysje Sporen van Saskia te sjen. It giet om in kolleksje fan miljoenen euro's en der wurdt ekstra befeiliging ynset. Der binne etsen en tekeningen te sjen, mar ek de doopakte, trou-akte en de testaminten fan Saskia Uylenburgh wurde tentoansteld.

Fan sneon ôf is de tentoanstelling klear foar publyk. Freed wurdt yn it HCL noch in eksposysje iepene mei 32 wurken fan Fryske keunstners dy't har ynspirearre litten ha troch Saskia, de muze fan Rembrandt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)