Plysje drok mei resjerzjewurk

10 okt 2012 - 12:10
  • Rellen Haren

Troch de drokte by de Fryske plysje bliuwe saken lizzen. It giet om strjitrôven, oerfallen en wenningynbraken. Alle resjerzjekapasiteit giet op dit stuit nei de grutte saken yn it Noarden. Se binne dwaande mei de moard yn Easterwâlde, de moard yn Mearum, de neisleep fan de rellen yn Haren en de brannen yn Winschoten. As der noch mear grutte saken bykomme, sil der op 'e nij besjoen wurde wêr't de resjerzjeurs ynset wurde moatte. De resjerzje yn it Noarden wurket al in soad gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)