Literêr sintrum yn Boalsert

Tresoar hat belangstelling foar in part fan it âlde stedhûs fan Boalsert. De gemeente Súdwest Fryslân makke tiisdei bekend dat it de bibleteek der yn hawwe wol. Tresoar fierde earder al petearen mei it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert en noch hieltyd fynt Tresoar-direkteur Bert Looper it ynteressant om te sjen oft de beide organisaasjes mei mekoar yn dat stedhûs fan Boalsert in soarte fan literêr sintrum meitsje kinne. Dat moat net inkeld de funksje fan museum krije, mar ek in plak wurde dêr't literêre optredens en oare aktiviteiten plakfine.