Draachflakûndersyk Troefmarkt

Supermerk
Pleatslik Belang Warten ûndersiket it draachflak foar de supermerk yn it doarp. Bewenners koene yn in enkête oanjaan oft se de Troefmarkt fan Anita Boersma stypje wolle. Fan woansdei ôf wurden de mieningen sammele. Oer in moanne wurde de resultaten bekend makke. De winkel fan Anita Boersma krijt it hieltyd dreger troch konkurrinsje fan de grutte supermerken yn de beurt. It idee is om ynwenners fan Warten as frijwilligers yn te setten yn de saak.