Ien tip oer moard frou E'wâlde

10 okt 2012 - 11:06
  • Marijke Heijltjes

In oprop yn it programma Opsporing verzocht oer de moard op in frou yn Easterwâlde hat ien tip opsmiten. Marijke Heijltjes waard op 12 septimber dea fûn yn har hûs. De plysje siket foaral nei ynformaasje oer har lêste dei.

Yn Easterwâlde is de plysje mei in publykskampanje begûn. Der binne posters ophongen, mei dêrop in foto fan de frou en de oprop oan minsken om har te melden mei tips. Ek is in filmke makke mei in rekonstruksje fan har lêste oeren. Dat filmke stiet op YouTube.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)