Plysje jout tips oan âlderein

10 okt 2012 - 10:53

De plysje hâldt in tal foarljochtingsbyienkomsten foar âlderen. Thússoarchorganisaasje Het Friese Land hat dêr om frege. Doel is âldere minsken troch foarljochting en tips striidberder te meitsjen tsjin bygelyks dieven dy't mei in babbeltrúk jild stelle. Ek wurdt omtinken jûn oan it foarkommen fan ynternetfraude en it soarchfâldich gebrûk meitsjen fan priveegegevens. Alle 15.000 klanten fan Het Friese Land kinne har oanmelde foar de byienkomst. De earsten binne yn Ljouwert, Grou en Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)