Kollumerlân kiest foar fúzje

10 okt 2012 - 10:48
  • Gemeente Kollumerlân

It kollleezje fan Kollumerlân kiest foar in fúzje mei Dongeradiel en Dantumadiel. Mooglik mei in oanfolling fan Ferwerderadiel. It kolleezje sjocht mear yn in weryndieling as in amtlike gearwurking mei de oare gemeenten. Sûnder fúzje komt de bestjoerskrêft fan Kollumerlân hieltyd mear ûnder druk. Der komme mear taken nei de gemeente ta, wylst der minder jild beskikber is. Earder dit jier hifke de gemeente de ynwenners yn trije ynformaasjejûnen. Se kinne woansdei 17 oktober har miening jaan. De ried moat der oer beslute.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)