Mûne Wânswert wer yn it doarp
De mûne fan Wânswert wurdt tongersdei nei in restauraasje wer weromset oan de Skettersdyk yn it doarp. De mûne mei de namme 'Viktor' hat in nije fundearring krigen en in nije reidbedekking. De kosten fan de restauraasje wiene 335.000 euro. De mûne fan Wânswert wurdt troch it Wetterskip Fryslân brûkt foar polderbemealling by ekstreem hege wetterstannen.