Amelân wol bettere seekearing

10 okt 2012 - 10:22
  • It Amelân

Op It Amelân wol men in bettere seekearing rjochting de bûtenste rige dunen. Op Flylân en Skylge is dizze primêre wetterkearing oanpast. Yn augustus wie steatssiktaris Atsma op wurkbesite en sei ta dat de wetterkearing oan de Noardseekant ferskood wurde sil, rjochting see. Dat betsjut de garânsje fan de ryksoerheid foar de bêste beskerming tsjin it wetter. Riedslid Overdiep freget him ôf oft dit foar It Amelân ek feroare wurde kin. Wethâlder Oud tinkt dat dat der net yn sit, om't de sitewaasje foar it Amelân oars is as foar Flylân en Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)