It Amelân lilk op Connexxion

09 okt 2012 - 23:16

Busmaatskappij Connexxion hat it ôfrûne wykein in groep bern stean litten dy't mei de bus nei It Amelân ta moast. Dat ta lilkens fan de bern, de âlden en it gemeentebestjoer. Ek omdat it net de earste kear wie dat Connexxion tekoart sjit yn syn tsjinstferliening. Mei de nije konsesjehâlder Arriva, dy't fan heal desimber op it Amelân rydt, wol de gemeente bettere ôfspraken meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)