Film De Jong lûkt folle seal

In folle seal tiisdeitejûn by de premjêre fan de filmkolleksje fan Johannes Doedes de Jong. De Jong wie Frysk dichter, fotograaf en sjoernalist mar mocht ek graach mei de filmkamera oan de slach. De films fan De Jong binne ferline jier troch syn dochter oan Tresoar skonken. Dy hat der no in kompilaasjefilm fan makke.
De films fan De Jong binne troch it Frysk Film Argyf digitalisearre, en kinne weromsjoen wurde op harren site.