Bibleteek yn stedhûs Boalsert

09 okt 2012 - 23:06

De bibleteek fan Boalsert ferhuzet nei it âlde riedshûs fan de stêd. Dat hawwe boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân besletten. Der is lang neitocht oer in nije bestimming fan it monumentale gebou. Dêrby gie it tusken de bibleteek en it gemeenteloket.

It is de bibleteek wurden omdat dy op dit stuit in grut probleem hat. Dy sit no yn in fierstente grut gebou wêrtroch der safolle personiel ynset wurde moat dat de bibleteek mar beheind iepen kin. Boppedat is it goedkeaper.

De bibleteek komt yn de oanbou fan it monumentale part fan it stedhûs. Foar it monumentale part moat noch in ynfulling fûn wurde. Dat jildt ek foar de âlde gebou fan de bibleteek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)