Banen fuort by SWF
De gemeente Súdwest-Fryslân snijt in hiele managementlaach fuort út de eigen organisaasje. Dat is it foarstel fan boargemaster en wethâlders. Earder is al ôfpraat dat der 2,5 miljoen op de personielskosten besunige wurde moat. Yn de nije wurkwize wurde der dik 13 arbeidsplakken skrast en dan giet it om ûngefear 20 minsken. Fierder skrast de gemeente de krystpakketten.