Slim ûngelok by oprit Wâldwei

Ungelok mei twa auto's
By de oprit fan de Wâldwei fan Drachten rjochting Ljouwert is in slim ûngelok bard. Der binne fjouwer minsken ferwûne rekke, ûnder harren in mem en in bern. Ien fan de auto's kaam út de rjochting fan Wergea en botste by Himriksein op in auto dy't út Ljouwert de N31 op woe. Mooglik joech dy auto út Ljouwert gjin foarrang.
De slachtoffers moasten troch de helptsjinsten út de wrakken helle wurde. Ferkear fan Ljouwert rjochting Wâldwei en op de Wâldwei sels hat grutte fertraging troch it ûngelok.
De helptsjinsten binne manmachtich útrukt. De traumahelikopter is op it plak om help te jaan.