Skriuwers kundigje aksjes oan

09 okt 2012 - 16:34
  • Bibleteekboeken

Fryske skriuwers hawwe foar freed aksjes oankundige by de útrikking fan literêre prizen yn Ljouwert. Se binne it net iens mei de plannen fan 'e provinsje. Dy wol de Obe Postmapriis en de Fedde Schurerpriis ôfskaffe en it prizejild foar de Gysbert Japicxpriis ferheegje. Fierders soene wurkbeurzen tenei inkeld foar begjinnende skriuwers wêze moatte, fynt de provinsje.

De útrikking fan de Obe Postma- en de Fedde Schurerpriis fynt freedtemiddei plak yn it gebou fan Tresoar.

De Obe Postmapriis is foar oersetters en de Fedde Schurerpriis is foar debutanten. De plannen fan de provinsje soene jilde foar de jierren 2013 oant en mei 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)