Ganees fynt klompen te hurd

15 des 2011 - 15:06

De Ganeeske kening dy't tûzenen pear houten klompen besteld hat by de Ljouwerter Alfred Lehmann, fynt se te hurd. Hy hat se hast dei en nacht mei bleate fuotten oan en dat docht him sear. Hy hat frege om se sachter te meitsjen. It advys fan Lehmann is om se mei sokken oan te dwaan, oars wurde se te djoer.

De bestelde klompen binne noch net ûnderweis nei Gana. Der moat noch in produsint fûn wurde. Yn Fryslân is net ien fûn dy't de kapasiteit hat om tûzenen klompen te meitsjen.

It beskilderjen fan de klompen sil nei alle gedachten wol yn Fryslân plak fine. Lehmann ferkeapet yn Nederlân klompen oan bedriuwen dy't sa in projekt foar de bou fan in merk yn Gana sponsorje. De kening wie lykwols sa entûsjast dat hy fuort in grutte party besteld hat om te brûken foar syn ferkiezingskampanje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)