Wykein sel foar geweld mei net

15 des 2011 - 12:10

De Hege Ried hat definityf in streek helle troch it saneamde wykeinarranzjemint fan plysje en justysje. De plysje yn de gemeenten Snits en Ljouwert sette minsken dy't yn it wykein oppakt waarden foar geweld, it hiele wykein fêst en liet se net earder wer los as op moandei. Dat mei net, sa seit de Hege Ried. Fertochten sitte dan te lang ûnnedich fêst.

Direkte oanlieding foar de útspraak wie de saak fan in Ljouwerter dy't op sneontenacht oppakt waard en úteinliks pas moandeitemiddei frijkaam, wylst it ûndersyk nei syn saak al op sneintemoarn klear wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)