Mear drokte Obesitas-sintrum

15 des 2011 - 11:37

It Sintrum foar Obesitas yn sikehûs MCL yn Ljouwert krijt der in ekstra sjirurch by. Dat is nedich, omdat der hieltyd mear minsken mei oergewicht behannele wurde yn it sintrum. Ferline jier wiene dat goed 400, dit jier al hast 700. Harren mage wurdt mei in operaasje lytser makke, foarôfgeand dêroan en ek dernei wurde se yntinsyf begelaat. Mei de nije krêft komt it tal sjirurgen yn it sintrum op fjouwer.

Trefwurden: 
MCL Obesitas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)