Ynbrekkers meie de sel net yn

15 des 2011 - 11:26

Twa ynbrekkers dy't de plysje woansdeitenacht oanhâlden hat op It Hearrenfean binne sa swier oan GHB ferslaafd dat in dokter it net ferantwurde fûn om se yn de sel te setten. De plysje hie se op 'e died betrape by de ynbraak yn in leechsteande wenning oan de Primulastrjitte. De manlju, Feansters fan 21 en 23 jier, hiene GHB by har. Omdat se beide oan dat middel ferslaafd binne, hat de plysje in GGD-arts komme litten om te besjen oft se opsluten wurde koene. Dy fûn dat net ferantwurde.

As in GHB-ferslaafde te lang syn middel net krijt, rint er kâns op libbensbedriigjende ôfkickferskynsels. De plysje hat de manlju nei hûs stjoerd en sil se dizze wike noch hearre as fertochte.

Trefwurden: 
GHB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)