Fertochten ynbraak oppakt

15 des 2011 - 10:33

De maresjesee hat woansdei op de grinsoergong by Ter Apel trije fertochten oanhâlden foar in ynbraak yn in tankstasjon by Twizel. Dêr waard yn de nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen en dêrby waard in swarte Audi A6 sjoen mei in Roemeensk kenteken. Omdat plysjeminsken dêrnei frege waard nei de Audi út te sjen, foel de auto de wachtmasters op.

De ynsitters fan 33, 44 en 50 jier binne oanhâlden. De plysje ûndersiket oft se wat mei de ynbraak te meitsje ha.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)