Bouwmeester hat falske start

15 des 2011 - 09:40

Roelof Bouwmeester begûn tongersdei yn de goudfloat op it wrâldkampioenskip, de bêste 49 fan it klassemint, mei in te betide start. Dizze 'osc' smiet 50 strafpunten op, no syn ôflûkresultaat. Op it wetter by it Australyske Perth waard de Laser-siler út Warten yn de achtste race fjirtjinde. Yn it klassemint klom Bouwmeester wol nei it 21e plak, mar mei noch twa reguliere wedstriden wurdt it in poepetoer om de medaljerace, de bêste tsien, fan snein te heljen.

Trijefâldich wrâldkampioen Tom Slingsby bliuwt yn syn heitelân royaal oan de lieding mei 16 punten. Rutger van Schaardenburg, freon en trainingsmaat fan Roelof Bouwmeester, stiet op it trettjinde plak mei 57 punten, Bouwmeester hat 83 punten. Freed ha de Laser-silers in rêstdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)