SP wol jild foar Sionsberg

14 des 2011 - 16:53

Minister Schippers moat in bydrage jaan oan De Sionsberg sadat de akute soarchpost rêden wurde kin. Dat fine keamerleden Leyten en Van Gerven fan de SP. Se fersette har tsjin sluting fan de akute soarchpost, onkology, kardiology en kreamsoarch yn it Dokkumer sikehûs. Se wolle dat de minister foar 21 desimber dúdlikheid jout oer de takomst fan it sikehûs. Op dy dei fergaderet de Twadde Keamer oer de sikehûssoarch yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)