CAO foar krantesjoernalisten

14 des 2011 - 16:42

Der is in nije CAO foar deiblêdsjoernalisten. De oankundige aksjes fan de sjoernalisten, lykas dy fan de Ljouwerter Krante, ferfalle. Neffens de fakbûnen wiene de aksjes dy't oant no ta hâlden binne, foar wurkjouwers reden om dochs akkoart te gean. It konflikt gie benammen oer de arbeidsbetingsten en in salarisferheging. De leden fan de fakbûnen wurde op koarte termyn bypraat oer it akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)