Platinafilm foar Nova Zembla

© Omrop Fryslân
De film Nova Zembla kin tongersdei de 400.000ste besiker wolkom hjitte. Dermei hellet de film mei Doutzen Kroes de platina-status. Regisseur Reinout Oerlemans en akteur Victor Reinier krije yn Amsterdam de Platina Film útrikt. De film is de earste Nederlânske film yn 3D. Fjouwer dagen nei de premjêre hiene 100.000 minsken de film al sjoen. De film giet oer de syltocht fan Willem Barentsz, dy't yn 1596 fêst kaam te sitten op it eilân Nova Zembla en der oerwinterje moast.