TBC-ûndersyk yn Ljouwert

GGD Fryslân © Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
GGD Fryslân docht TBC-ûndersyk nei oanlieding fan besmetting yn Ljouwert. In frou (20) hat in besmetlike foarm fan TBC. Se wurdt behannele. De GGD ûndersiket minsken dy't mei har yn kontakt west ha. Dat wurdt ek dien om te sjen wêr't de besmetting weikomt. Ferline wike makke GGD Fryslân bekend dat der in TBC-ûndersyk begûn is yn ferbân mei besmetting fan in frou (24) út Ljouwert. Der is noch gjin ferbân tusken de beide besmettingen fûn, mar dat wurdt wol ûndersocht. TBC is in foarm fan longûntstekking. De pasjint kin der slim siik fan wurde.